Johannes Schlaf

Johannes Schlaf yn 1910

Johannes Schlaf (Querfurt, 21 juny 1862 – dêre 2 febrewaris 1941) wie in Dútsk toanielskriuwer, skriuwer en oersetter, hy wie in wichtige eksponint fan it naturalisme. As oersetter wie er wichtich omdat er wurken fan ûnder oare Walt Whitman, Emile Verhaeren en Émile Zola yn it Dútsk oerset hat. Dêrneist is er bekend as oprjochter fan de "Whitman Cult" yn Dútslân. Syn literêre prestaasjes lizze fral yn skildereftige dialogen en yn it formalisearjen fan de literêre streaming it ympresjonisme. Hy hat ek bydroegen oan de opkomst fan it "yntime teater".

Guon fan syn gedichten binne op muzyk set troch de komponisten Alban Berg and Arnold Schoenberg.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search